11/01/2026
⛸️ Iisbaan Iisclub Adam & Atze – hjoed iepen
Adam en Atze sizze dat it kin! ⛸️
De iisbaan is hjoed iepen foar elkenien dy’t komme wol om te reedriden.
Wy freegje elkenien om goed op te passen:
it giet om snieuwiis, dat kin op plakken glêd en brekber wêze.
Oan de achterkant fan de baan sit noch ien wak. Dêr stiet in tak rjochtop yn it wak as warskôging. Hâld hjir goed rekken mei en bliuw fan dit diel ôf.
It brûken fan de iisbaan is op eigen risiko.
Soargje derfoar dat bern ûnder tafersjoch steane.
Wy winskje jimme in moaie en feilige reeddei ta! ❄️⛸️
Iisclub Adam & Atze